Untsnapte finzene wer pakt

© Omrop Fryslân
In 18-jierrige man dy't woansdeitejûn ûntsnapte út finzenis de Blokhuispoort yn Ljouwert, is tongersdeitemoarn betiid wer oppakt. De man waard oanhâlden by it stasjon yn Ljouwert.
De man, dy't sitte moat foar stellerij, ûntsnapte by it luchten fan de finzenen. Hy wie nei alle gedachten op it dak klommen. De brânwacht hat dêrom in heechwurker ynset om it dak te ynspektearjen. Der kamen in soad belangstellenden op de sykaksje ôf.