Muzykkorpsen yn de knipe?

© Omrop Fryslân
Muzykkorpsen yn de Súdwesthoeke binne bang dat it tal leden ôfnimt. De lessen oan de muzykskoalle wurde djoerder. De gemeenten stypje net ekstra. It lesjild foar bern dy't in C of D-diploma ha wolle, wurdt twa kear sa djoer.
De muzykskoalle wol fan it âlde systeem ôf dat korpslearlingen minder betelje as oare kursisten. De korpsen wolle mei belutsen partijen prate. Neffens de skoalle sil de nije priis net ta minder leden liede.