Fytsbrêge Boalsert wer klear

25 jun 2003 - 00:00

De Sint Jozef brêge yn Boalsert is wer makke. De fytsbrêge oer de Wytmarsumerfeart koe de ôfrûne wiken net betsjinne wurde fanwege in technysk probleem. Der wie gjin rekreaasjefeart mooglijk op it trajekt fan Boalsert fia Wytmarsum nei Harns.

Under druk fan it bedriuwslibben en de polityk is de brêge earder makke as dat pland wie. Fan woansdei ôf wurdt de brêge wer bestjinne en is de farrûte ek wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)