Pontsje oer Wiid fart troch

25 jun 2003 - 00:00

It pontsje oer it Wiid by Earnewâld fart ek nei 1 july troch. Dat seit Hylkema fan reyntegraasjebedriuw Reax yn Ljouwert. Dy levert de skippers foar de oerset, mar koe gjin minsken mei de goede papieren fine. Alteast dat tocht de stifting dy't de pont beheart nei in brief fan Reax.

Neffens Reax gie it om in kommunikaasjeflater. De organisaasje garandearret no foldwaande skippers mei goede papieren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)