Minder bussen op plattelân

25 jun 2003 - 00:00

De kâns is grut dat der hieltyd minder bussen ride op it Fryske plattelân. Troch besunigings yn Den Haach hat de provinsje minder jild foar it iepenbier ferfier en dus moat der socht wurde nei in alternatyf.

It meast foardielich liket it Collectief Vraagafhankelijk Vervoer. Dat komt der yn de praktyk op del dat de bus net mear alle oeren troch de doarpen komt, mar allinnich noch as immen derom freget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)