Utwreiding gemeentehûs Skylge

© Omrop Fryslân
It âlde gemeentehûs fan Skylge wurdt oanfold mei nijbou. Dat hat de gemeenteried fan Skylge tiisdei besletten. Dêrmei ferfalle de plannen foar komplete nijbou. It âlde gemeentehûs en de wente fan Steatsboskbehear bliuwe sa beholden, sa't de measte Skylgers woene.
Yn de nijbou moatte alle amtners en de loketten komme. Yn it âlde diel kinne dan bygelyks in bibleteek of medysk sintrum festige wurde.