SNN: 4 miljoen euro subsydzje

© Omrop Fryslân
De SNN, it gearwurkingsferbân Noard- Nederlân, jout it noarden 19 miljoen euro subsydzje. Hast fjouwer miljoen dêrfan komt yn Fryslân terjochte. Mei twa-en-in-heal miljoen euro giet it measte dêrfan nei de útwreiding fan bedriuweterrein De Haven yn Drachten.
Foar ferbettering fan bedriuweterrein Betterwird yn Dokkum is in heal miljoen euro beskikber. Fierder giet der 4 ton nei de oanlis fan in kraanbaan yn de haven fan Harns.