Rjochter: Eringa hat gelyk

24 jun 2003 - 00:00

Trou-amtner Nynke Eringa mei wer oan it wurk by de gemeente Ljouwert. Dat hat de rjochtbank tiisdei bepaald. Frou Eringa hie in rjochtsaak tsjin de gemeente oanspand om't se neffens har yn 2001 net terjochte dien krigen hie.

De gemeente Ljouwert woe fan frou Eringa ôf om't se wegere homohouliken te sluten fanwegen har leauwe. De rjochtbank hat bepaald dat de gemeente har yn alle gefallen oant 2005 ta yn tsjinst hâlde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)