Gemeente wol jild fan COA

24 jun 2003 - 00:00

Dongeradiel easket oardel miljoen euro fan it COA. De gemeente tsjinnet dizze skeaclaim yn om't it Sintraal Orgaan Opfang Asylsikers it azc per 1 maart 2004 slute wol. Der wie in kontrakt tekene oant 2009.

Troch de eardere sluting fan it asylsikerssintrum rint Dongeradiel in soad jild mis en dat moat it COA fergoedzje fynt de gemeente. Yn it azc wenje 400 minsken. Sy demonstrearje woansdei tsjin de sluting fan it azc.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)