Ljouwerter krijt 10 op eksamen

24 jun 2003 - 00:00

Kate Harris út Ljouwert hat in 10 krigen op it eineksamen oan it konservatoarium yn Grins. Se studearre moandei ôf as selliste. It bart net faak dat in studint it heechste sifer krijt. Ferline wike krige pianiste Ilona Timchenko ek in 10.

Kate Harris spile wurk fan Beethoven, Dvorak, De Falla en Villalobos. De sjuery neamde har in ynternasjonaal talint en priizge har muzikaliteit en gefoel foar klankkleur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)