Lege pleatsen op plattelân

© Omrop Fryslân
Twahûndert pleatsen steane te keap en dat is soarchlik. Belange-organisaasjes en politike partijen fine dat der rap wat dien wurde om de úttocht fan boeren te kearen. De FNP wol dat de provinsje de leefberens fan it plattelân ta in belangryk ûnderwerp yn it belied makket.
De lêste jierren rint it tal boeren jierliks mei trije prosint werom. De pleatsen ferlieze har funksje as buorkerij. Oare boeren keapje lân op.