Winst foar Werle yn Azerbaijan

© Omrop Fryslân
Skaaktalint Jan Werle fan Beetstersweach docht op it stuit mei oan it WK Skaken foar spilers ûnder de 20, dat oant en mei 4 july hâlden wurdt yn Azerbaijan. Ynternasjonaal master Werle hat yn trije spylronden twa punten fertsjinne.
Werle wûn yn 'e earste ronde fan 'e Noar Ostveit, mar ferlear fan 'e Dútser Kritz yn 'e twadde ronde. Yn 'e tredde ronde wie der wer winst foar de Sweachster. Werle fersloech Gashimov.