Asfaltplaten yn PM-kanaal

24 jun 2003 - 00:00

Yn it Prinses Margriet-kanaal by Reahel is tiisdei asfalt lein. De fjirtich meter asfalt op de boaiem wie nedich om't gasliedingen by ferbreding en ferdjipping fan it kanaal te ticht op de boaiem kamen te lizzen.

Dat soe in gefaar betstjutte as bygelyks skippen foar anker geane. Om dat foar te kommen waarden asfaltplaten ôfsonken en troch dûkers op de boaiem befestige. De gasliedingen binne dêrmei wer goed genôch beskerme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)