NLTO akkoart mei fúzje

© Omrop Fryslân
De Fryske NLTO-leden sille mei in grutte mearderheid akkoart gean mei de fúzje tusken NLTO, WLTO en GLTO. Dat tinkt alteast Berend Santema fan de NLTO. Hy liedt dat ôf út in byienkomst fan de Fryske ôfdielingsbestjoerders moandei op De Jouwer.
De bestjoerders wienen posityf oer de oansteande gearwurking tusken de boere-organisaasjes foar Noard-, West en East-Nederlân. Op 1 july moat de algemiene lederie beslute.