Wurknimmers sille te kuierjen

© Omrop Fryslân
De 600 meiwurkers fan it Centraal Justitieel Incassobureau sille yn it middeisskoft te kuierjen. De meiwurkers fan it CJIB hâlde har dwaande mei it ynbarren fan ferkearsboetes en sitte meast op kantoar.
De ekstra lichemsbeweging dy't de wurknimmers troch it kuierjen krije, moat der ta liede dat de minsken har fitter fiele. It giet om in proef fan ûndersyksynstitút TNO by fiif bedriuwen yn Nederlân.