Demonstraasje tsjin kabinet

© Omrop Fryslân
In 150 útkearingsgerjochtigen en handikapten demonstrearden tiisdei yn Ljouwert tsjin it belied fan it kabinet Balkenende. Sy fine dat it kabinet tefolle besunigje wol op de útkearings foar âlderen, wurkleazen, wao'ers en handikapten.
Troch dat belied komme in soad minsken ûnder de earmoedegrins, seit it FSU, it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden. De FSU hat it inisjatyf naam foar de demonstraasje.