Spoorzicht op It Fean ticht

24 jun 2003 - 00:00

Boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean hat it gebou Spoorzicht oan de Parallelwei yn It Fean sletten. Yn Spoorzicht waarden keamers ferhierd, ûnder oare oan alve AMA's.

Nei in brânwachtkontrôle die bliken dat it gebou net brânfeilich wie. Yn 'e mande mei Vluchtelingenwerk is it de gemeente slagge oare wenromte te finen foar de AMA's. Ek de fjouwer oare keamerhierders hawwe in nij plak fûn om te wenjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)