Piet Dankert (69) ferstoarn

24 jun 2003 - 00:00

De Fryske politikus Piet Dankert (69) is sneon ferstoarn yn Súd-Frankryk. Dankert waard berne yn Stiens. Hy krige ynternasjonale bekendheid as de earste en oant no ta iennichste Nederlânske foarsitter fan it Europeesk Parlemint fan 1982 oant 1984. Hy krige dêr de bynamme 'Le Roi Triste' fanwege de melangolike blik yn syn eagen.

De lêste jierren sette Dankert him yn foar minderheidstalen as 'ekspert' fan de Ried fan Europa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)