Kringloopwinkel hat te min guod

© Omrop Fryslân
De Dokkumer kringloopwinkel hat ferlet fan mear twaddehâns guod. De winkel is sa súksesfol, dat it guod net oan te slepen falt. De winkel giet no sels al op syk nei materiaal.
Direkteur Aukje Visser fan de winkel, De Wissel, siket no mei de gemeente nei in oplossing foar it probleem. Sa soene frijwilligers miskien meigean kinne op de jiske-auto om guod fan de stoepe mei te nimmen. Ek soe der in kontener komme kinne yn Damwâld.