Pijper nei finale speedway

© Omrop Fryslân
Theo Pijper fan Rinsumageast hat him dit wykein yn Italië pleatst foar de finale fan it wrâldkampioenskip speedway. It is foar it earst yn tolve jier dat in Nederlanner him pleatst foar de finale.
Tusken allegear berops-speedwayers ried Pijper yn de heale finale nei in dield 7e plak, genôch foar de finale op 17 augustus yn Ingelân. De 23-jierrige koereur neamde syn eigen prestaasje "in grutte ferrassing".