Brân yn azc Burgum

23 jun 2003 - 00:00

Der hat moandeitemiddei brân west yn it asylsikerssintrum (azc) yn Burgum. Dêrby binne twa wenninkjes folslein útbaarnd.

De brânwacht tinkt dat koartsluting yn ien fan de waskmasines de oarsaak west hat fan de brân. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Sa'n tsien oant fytjin minsken binne troch de brân dupearre. Sy wurde ûnderbrocht yn in oar asylsikerssintrum yn de omkriten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)