Houtwâl moat wer tichtmakke

© Omrop Fryslân
In yllegaal gat yn in houtwâl by Twizel moat fan de gemeente wêr ticht makke wurde. De eigner fan de houtwâl hat oant 1 augustus de tiid om it spul yn de oarspronkelike steat wêrom te bringen.
De man hat in gat yn de houtwâl makke om sa op syn grûn komme te kinnen. Mar neffens de gemeente is der al in daam en kin de man dêrmei wol op syn hiem komme. De gemeente fynt it gat yn de wâl in skeining fan it lânskip.