Lootsma en dy winne yn Berltsum

23 jun 2003 - 00:00

It partoer fan Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Auke van der Graaf wûn snein de frije formaasjepartij yn Berltsum. Yn 'e finale waarden Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Feentra ferslein mei 5-1 en 6-6. Mar noch mear yndruk makke de oerwinning mei skjinne 5 en skjinne 6 op 'e twadde list tsjin Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar. Berltsumer Auke van der Graaf waard útroppen ta kening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)