Smellingerlân snijt Melkertbanen

23 jun 2003 - 00:00

De gemeente Smellingerlân snijt yn it tal yn- en trochstreambanen, oftewol de Melkertbanen. No wurkje der noch 330 minsken mei in subsidiearre baan by ûnder oaren soarchynstellings en ûnderwiis. Dat tal giet mei 50 werom nei 280 as gefolch fan lanlike besunigings.

Dy 50 minsken krije in reguliere baan oanbean. 38 dêrfan binne by in soarchynstelling, sa makke de gemeente moandei bekend.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)