Metalfestivals wurkje gear

13 mrt 2012 - 13:00

De Fryske metalfestivals Dokk'em Open Air en Into The Grave yn Ljouwert, wurkje gear yn har syktocht nei in Fryske iepeningsact. Op freed 25 maaie hâlde sy de bandwedstryd Highway to Hell. Fryske metalbands gean dan de striid oan om de iepeningsact te wurden fan Dokk'em Open Air en Into The Grave.

Bands dy't meidwaan wolle, moatte Frysk wêze of Fryske roots hawwe en eigen wurk spylje. Ut alle oanmeldings wurde fiif bands selektearre. Dokk'em Open Air is op 29 juny, Into The Grave op 11 augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)