Op 'e nij sjitpartij yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht trije manlju út Ljouwert oanhâlden fanwege in sjitpartij op de Weaze. It giet om trije manlju fan 18, 20 en 44 jier. Ien fan dy trije hat sketten, mar wa fan 'e trije it dien hat is noch net dúdlik.
De plysje hâldt der rekken mei dat de sjitpartij op De Weaze te meitsjen hat mei de sjitpartij op 'e Nijstêd fan ôfrûne tongersdeitenacht. By dy sjitpartij rekken twa Sinezen ferwûne. De plysje ûndersiket de saak.