Hearrenfean-Súd wer Aldskoat

22 jun 2003 - 00:00

It Hearrenfean-Súd hjit fan 1 july ôf wer Aldskoat. Yn 1965 feroare dy namme, doe't de A32 troch it doarp oanlein waard en it doarp by It Hearrenfean kaam te hearren. Yn 1996 die bliken út in enkête dat 80 persint fan de ynwenners werom woe nei de âlde namme.

Troch beswierskriften en prosedueres by de rjochtbank hat it oant dit jier duorre foar't de wiziging trochfierd wurde koe. Fanwege de nammeferoaring wurdt op 5 july in plakette ûntbleate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)