Oppewal wint Ronde f. Rottefalle

22 jun 2003 - 00:00

De Ronde fan De Rottefalle is sneontejûn wûn troch Taeke Oppewal fan It Hearrenfean. Hy liet yn de lêste rûntsjes de seis oare fytsers yn de kopgroep fier achter him. Sierd Steigenga fan Eksmoarre waard twadde, Ard Aling (Roden) tredde.

Johan Procee fan Burgum waard fjirde, Herman Steensma (Surhústerfean) fyfde en Lambertus Koopmans fan Boalsert sechsde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)