Nijbou op plak Boalserter flat

21 jun 2003 - 00:00

De Barber Yntjesflat oan de Snitserstrjitte yn Boalsert wurdt nei alle gedachten ferfongen troch nijbou. Earder al hie de gemeenterie bepaald dat it gebou net mear fan dizze tiid is.

In bedriuw út Driebergen hat no plannen om op it plak fan de flat 15 apparteminten en 4 iengesinswenten te bouwen. Yn de flat wurde no noch asylsikers opfong. Dy sille de flat meikoarten ferlitte. De rie nimt yn augustus in beslút oer de nijbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)