Alderein ûndersiket busferfier

21 jun 2003 - 00:00

50-plussers yn Súdwest-Fryslân sille de busfoarsjennings yn harren wengebiet ûndersykje. It giet om in groep fan 8 minsken. Se sille anonym besjen oft de bussen op 'e tiid ride, hoe't de rydstyl fan 'e sjauffeurs is en oft dy wol freonlik is. It ûndersyk wurdt betelle troch de provinsje.

Foar it ûndersyk is keazen foar 50-plussers, omdat dy betrouberder wêze soene as studinten. It ûndersyk sil yn septimber útein sette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)