Fierljeppen: Van der Wal wint

© Omrop Fryslân
Rein van der Wal fan Warkum wûn freedtejûn it fierljeppen yn Gryptsjerk mei in sprong fan 17 meter 60. Henk Schievink fan Burgum wie twadde mei 17 meter 21. By de froulju gie de earste priis nei Jantina de Vreeze fan Blauhûs. Sy sprong 13 meter 62. Ale Hoekstra fan Burgum wie de bêste by de junioaren mei 16.66.
By de jonges sette Piet Scherjon fan Burgum de fierste ôfstân del: hy sprong 16 meter 24.