Lankhorst is tenei 'Keninklik'

© Omrop Fryslân
It Snitser bedriuw Lankhorst hat by de fiering fan it 200-jierrich bestean it predikaat 'Keninklik' takend krigen. Lankhorst heart no by it selekte selskip fan 152 Nederlânske bedriuwen fan 'keninklik nivo'.
Toumakker Lankhorst is de lêste jierren útgroeid ta in grut ynternasjonaal konsern mei sa'n 1100 meiwurkers. Lankhorst produsearret tou, jern, netten en wettersportartikelen yn tsien lannen.