Nij register by Tresoar

© Omrop Fryslân
Tresoar, de eardere provinsjale bibliotheek, hat in bysûnder register kocht fan it Deenske Ryksargyf. It giet om de saneamde Sonttolregisters: registerboeken mei in skat oan ynformaasje oer de Fryske skipfearders yn de Gouden Ieu, dy't farden tusken Nederlân en Skandinavië.
Neffens Tresoar kin hjir in soad út leard wurde oer de ekonomyske skiednis fan Fryslân.