Fragen fúzjekosten Wetterskip

20 jun 2003 - 00:00

De VVD- en CDA-fraksje yn Provinsjale Steaten wolle opheldering oer de te hege fúzjekosten fan it nije Wetterskip Fryslân. De fraksjes ha fragen dêroer steld oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

Ek wolle CDA en VVD wite oft it heger wurden fan de kosten gefolgen ha sil foar de boargers. Tongersdei waard bekend dat de fúzje fan de seis Fryske wetterskippen hast 7 miljoen euro djoerder útfalt as earst tocht waard.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)