Frisia Sâlt betellet wetterskip

© Omrop Fryslân
Frisia Sâlt betellet maatregels dy't nedich binne om de wâlskanten op te heegjen tsjin de grûndelgong. It sâltfabryk hat dêroer in oerienkomst sletten mei wetterskip De Waadkant. De oanpassings kostje goed 9 miljoen euro.
Hûseigners yn it wingebiet besykje ek al jierren skeafergoeding te krijen foar de grûndelgong. Harren huzen sakje út it lead en krije skuorren yn 'e muorren. Oant no ta wol Frisia neat betelje oan 'e eigners.