Seldsume sânhagedis op Skylge

13 mrt 2012 - 12:39

Op Skylge binne sânhagedissen fûn op in alhiel nij plak by it Arjensduin. De boskwachters fan Steatsboskbehear binne út de skroeven. Net omdat se net wisten dat de seldsume hagedis op it eilân siet, want dat wie wol bekend. Wol omdat it op in plak is dêr't in soad beammen en begroeiïng fuorthelle is om ûnder oare dizze hagedis in better plakje te jaan.

Toeristen ha se sjoen en fotografearre. De sânhagedis is tige seldsum en komt lang net op alle Waadeilannen foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)