Trein nei Zwolle mei fertraging

© Omrop Fryslân
Treinreizgers rjochting suden moatte ek freedtemoarn noch rekken hâlde mei fertraging. In kraan fernielde tongersdei in boppelieding by Wolvegea. Railinfrabeheer wurket noch oan it herstel en sadwaande ride tusken Hearrenfean en Stienwyk minder treinen. Dat hat in fertraging fan in healoere ta gefolch.
It wurk sil freed oan 'e ein fan de moarn klear wêze. Ek it ferkear op 'e dyk hat lêst fan it wurk.