Bou sportstêd Hearrenfean los

19 jun 2003 - 00:00

Kommissaris fan 'e Keninginne Nijpels hat tongersdei op it Hearrenfean de earste peal slein fan Sportstêd Hearrenfean. Mei in sûnensbûlevard, kongreshal, sportsintrum en kasino wurdt it it grutste Fryske bouprojekt ea. Neffens de inisjatyfnimmers SC Hearrenfean, De Friesland en de gemeente is it goed trochrekkene.

De Sportstêd kostet goed 100 miljoen euro. Yn 'e Feanster mienskip bestiet skepsis oer de skaal fan it projekt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)