Oer it wetter nei Trijehûs

19 jun 2003 - 00:00

Restaurant Trijehûs oan it PM-kanaal yn Grou is allinnich noch mar oer it wetter te berikken. De rjochtbank yn Ljouwert hat útsprutsen dat it paad oer it lân fan boer Wartena, fanút it Leechlân, net mear brûkt wurde mei.

Der wurdt al sûnt 1962 gebrûk makke fan it paad, mar de lêste tiid hie Wartena der hieltyd mear oerlêst fan. Hy woe se net langer oer syn lân hawwe. Dat rûn út op in koart pleit, dat no yn it foardiel fan Wartena útfallen is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)