Fryske kampioenen yn Veendam

19 jun 2003 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske hurdfytsers hawwe woansdei by de distrikskampioenskippen yn Veendam in soad poadiumplakken helle. Boppedat wiene der seis kampioenen.

Dat binne Marjon Spijkerman fan Sint Nyk by de junior-froulju, Sven Kramer fan Aldskoat by de junioaren, Nico Wierstra fan Marssum by de amateurs A, Jan Brander fan Oerterp by de amateurs B/C. Josephine Groenveld en Germ van der Burg, beiden fan Folsgeare, wûnen by de froulju en de elite-hurdfytsers.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)