Rotonde of fytstunnel?

19 jun 2003 - 00:00

It is noch net dúdlik oft der in rotonde of in krusing mei fytstunnel komt yn de N351 by Aldeholtpea. Der soe woansdei oer praten wurde yn de steaten, mar de stikken wiene net kompleet. Nije wike sil der oer in nij foarstel praat wurde. As der gjin beslút falt, rint de provinsje subsydzjejilden foar it projekt mis.

Bewenners en gemeente wolle in rotonde, wylst deputearre Baas mear sjocht yn in krusing mei fytstunnel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)