Bus Harns-Ljouwert faaks better

© Omrop Fryslân
De provinsje sil de foardielen fan it opheffen fan it spoar tusken Ljouwert en Harns ûndersykje litte troch in ekstern buro. Dat sei deputearre Ton Baas woansdei yn in gearkomste fan de Steaten.
Undernimmers út de Westergosône stelden earder al dat in goeie busferbining tusken Ljouwert en Harns rindabeler wêze soe as it yn stân hâlden fan it spoar. Foar deputearre Baas is it plan nijsgjirrich genôch om te ûndersykjen.