Posysje fiskerij ferbetterje

18 jun 2003 - 00:00

De provinsje wol yn in nota fêstlizze litte hoe't de posysje fan 'e fiskerij ferbettere wurde kin. Dat rapport moat begjin 2004 klear wêze. De berops- en sportfiskerij yn Fryslân smyt alle jierren 146 miljoen euro op. Yn 'e sektor wurkje 1600 minsken, goed foar 0,8 prosint fan 'e Fryske wurkgelegenheid.

De fiskerij telt mei yn 'e Fryske ekonomy, sa sjocht de provinsje yn. In goede takomst is dan ek fan belang.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)