Schulting helptrainer by Cambuur
Jan Schulting fan 'e Tynje wurdt de nije assistint-trainer fan fuotbalclub Cambuur yn Ljouwert. De 47-jierrige Schulting wie dêr trije seizoenen lyn ek al helptrainer. Dat wie doe ûnder Gert Kruys.
Schulting is no haadtrainer by de sneonshaadklasser VVOG yn Hurderwyk. Earder hat er trainer west by fuotbalclub Veendam en hat er spile by SC Heerenveen.