Friesland Bank ferleget rinte

18 jun 2003 - 00:00

De Friesland Bank ferleget tongersdei opnij de rinte op hypoteken. De rinte by de hypoteken dy't foar 1 jier of foar 7 jier fêst stean, giet mei 0,1 persint omleech. By de oare hypoteken is dat 0,2 persint.

Foar dizze lêste liening komt de rinte no op 3,8 persint. De bank reagearret hjirmei op it sakjen fan de jild- en kapitaalkoersen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)