Fierljepskâns Bûtenpost ôfkard

17 jun 2003 - 00:00

De twadde klasse fierljepwedstriid yn Bûtenpost is tiisdei net trochgien. Ek de earste klasse ljepperij fan woansdei is skrast, want de technyske kommisje fan it Frysk Ljeppersbûn hat de skâns fan Bûtenpost ôfkard.

Twa wike lyn hie de technyske kommisje al oan Bûtenpost witte litten dat de skâns net oan de easken foldie. De klup hat hurd wurke om alles klear te krijen, mar neffens de kommisje stie yn twa hoeken fan 'e bak te min wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)