Eksploazje op skip by Harns

17 jun 2003 - 00:00

By in eksploazje op it charterskip Hollandia foar de haven fan Harns binne tiisdei fjouwer minsken ferwûne rekke. Trije fan harren waarden oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert mei brânwûnen. De skea oan it skip is grut.

Njonken de bemanning hie it skip 20 gasten oan board. De eksploazje die him foar yn 'e masjinekeamer. Mooglik is de motor fan it skip, dat in oar skip op sleeptou hie, te waarm wurden. Twa rêdingsboaten ferfierden de ferwûnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)