Vaatstra:'Sluten saak is misser'

17 jun 2003 - 00:00

De famylje Vaatstra reagearret teloarsteld op it ôfsluten fan it ûndersyk nei de moard op Marianne. Dat de dieder noch frij omrint is neffens har in misser en in nederlaach.

Heit Vaatstra hat net it gefoel dat der alles oan dien is om de dieder te finen. Der wurdt no noch socht nei de Afgaan Mohammed Abgari. Hy is ien fan de twa mannen dy't koart nei de moard ferdwûn út it azc. De famylje hopet dat de man noch fûn wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)