Swarte hannel Wâldrockkaartsjes

17 jun 2003 - 00:00

Der is dizze edysje fan Wâldrock ekstra tafersjoch op swarte hannel yn tagongskaartsjes. It festival is mei 12.000 besikers hielendal útferkocht en dat betsjut dat der oan de deikassa neat mear te krijen is.

De organisaasje hâldt dêrom rekken mei minsken dy't by it terrein foar grof jild kaartsjes ferkeapje. Der wurdt sels 'undercover' befeiliging ynset. Besocht wurdt om sa kaartferkeapers by it festivalterrein wei te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)