Fryske ekonomy rint net achter

17 jun 2003 - 00:00

De Fryske ekonomy giet gelyk op mei de lanlike ekonomy. Allinnich de eksport bliuwt ûnder de maat. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de Rabobank. Opfallend is dat de regio Súdeast-Fryslân it goed docht.

It giet dan benammen om de A7-sône by It Hearrenfean en Drachten. Dat ûndanks it feit dat in tal bedriuwen It Hearrenfean ferlitten hat. Mei Súdwest-Fryslân giet it minder goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)